Springe nei ynhâld

Bynt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bynten)
trochsneed kape,
giel-oranje = bynten,
read-rôze = tafoeging: spanten, goarringen, dak en bûtenmuorren
keppele dwersbynten
typen bynten

In bynt is in portealfoarmich houten draachkonstruksje yn in pleats, dy't bestiet út twa of mear stilen dy't mei inoar ferbûn binne troch ien as mear horizontale hoannebalken. De ferskate bynten binne wer mei elkoar ferbûn troch de draachhouten dy't heaks op de bynten rinne. Alle hoeken fan de konstruksje wurde skoarre troch skoarren. De skoarren fan in byntkonstruksje binne de kerbielen: tusken stile en hoannebalke de swing, en tusken stile en draachhout de jaachbân. De stilen fan it bynt stean faak op mitsele poeren. Op de bynten steane de spanten mei de goardingen dy't it dak drage. De spanten mei skoarren kinne in soad foarmen oannimme en binne by eltse pleats of oar gebou mei bynten as draachkonstruksje wer oars. Grutte pleatsen hawwe wol in dûbeld bynt, dêr't op it groubynt in boppenbynt by steat. De stilen fan it groubynt hjitte dan 'grutbyntén en de hoannebalken hjitte dan groubalken.

Der binne twa types bynt, te witten it lânsbynt en it dwersbynt. Yn Nederlân binne hast alle pleatsen binne dwersbynten boud, dat heaks op de lingterjochting fan de pleats stiet. It dwersbynt jout mear opslachromte. Yn it easten fan Nederlân binne der oanwizings dat it ankerbalkebynt ûntstien is út it lânsbynt. Of dat ferbân op oare plakken yn Nederlân ek bestiet is net wis.

Dit bynt bestiet út de twa wenstige stilen, ferbûn troch de horizontale ankerbalke. De hoannebalke stekt mei in pin troch de stile en is dêrefter ferankere mei ien of twa houten deuvels of wiggen. Dit type bynt komt yn grutte parten fan Fryslân foar. It komôf fan it ankerbalkbynt is net dúdlik; yn it easten fan Nederlân binne der oanwizings dat dit type bynt ûntstien is út de lânsbynten.

By dit type bynt leit de hoannebalke op de stilen en is der mei in pin-en-gat-ferbining mei ferbûn. Dit bynt komt foar yn Fryslân, Grinslân, Drinte, kop fan Oerisel, Seelân, Noard- en Súd-Hollân.

Tuskenbalkebynt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit type bynt liket op it ankerbalkebynt, mar de wiggen oan de efterkant ûntbrekke. De byntbalke is mei in pin en gat ferbining oan de stilen fêstmakke en boarge mei twa houten pinnen. Komt foar yn it grutste stik fan Súd-Hollân en Noard-Hollân besuden it IJ.

Hjir leit de byntbalke op de stilen, de stilen hawwe in slûf dêr't de balke yn leit, wylst de kop fan de balke foarby de stilen heaket en sa alles teplak hâldt. Dit type bynt is te finen yn eastlike parten fan Twinte, de Efterhoeke en Midden- en Súd-Limburch.

De bynten waarden meast op it wurkplak fan de timmerman makke, dat it bynt yn losse ûnderdielen ferfierd wurde koe nei it bouplak. Middels merktekens yn it hout waard it bynt dêr wer yn elkoar setten en oprjochte. Dit wie in bealchfol wurk, dêrom holpen in soad doarpsbewenners hjir by. It opbouwen fan in skuorre waard sa mienskiplik wurk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stichting Historisch Boerderij-Onderzoek ferskate auteurs, het Boerderijen boek, Utjouwerij Waanders, Swol, 2003, ISBN 90 400 8808X, NUR 648, 694