Springe nei ynhâld

Bot (kompjûter)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bot (Kompjûter))

In bot is in kompjûterprogramma dat him nei oare kompjûters ta yn prinsipe hâldt lykas minsken dat dogge. Systemen dêr't in protte kontakt is mei bots, hawwe lykwols faak ek oanpaste tagong dy't de kommunikaasje tusken de bot en de oare kompjûter ienfâldiger makket.

Op it Wrâld-wiid-web binne bots aktyf dy't foar syktsjinsten siden besykje. Nei't de bot sa'n side opfrege hat, krekt as in blêder dat docht, wurdt de side ferwurke foar de syktsjinst. Dêrnei begjint de bot, krekt as in minske dat dwaan koe, de keppelings te folgjen dy't er op de side fynt.

Op Wikipedia binne ek bots aktyf, foar bewurkings dy't te ientoanich binne foar minsklike meidoggers. Sa kin bygelyks in bot ynset wurde om de ynwennertallen fan plakken by te wurkjen, of om stobbesiden oan te meitsjen dy't hielendal út tabelgegevens opboud binne..

De namme bot komt fan robot, in masine dy't him yn prinsipe sa hâldt as in minske.

Fansels hawwe ek kriminelen it gemak fan in Bot ûntdutsen. Sy meitsje in Botnet om ryk te wurden.