De Bosatlas van Fryslân
Appearance
(Trochferwiisd fan Bosatlas fan Fryslân)
De Bosatlas van Fryslân (Fryske Bosatlas) is in atlas oer de provinsje Fryslân. De atlas waard op 22 oktober 2009 útbrocht troch Noordhoff Utjouwers. De Bosatlas waard yn de earste moanne nei de presintaasje mear as tsientûzen kear ferkocht.[1] De Fryske Bosatlas is de earste atlas dy’t oer ien provinsje fan Nederlân giet.[2]
Neist topografyske ynformaasje oer Fryslân steane der oare saken yn dy’t nau besibbe binne mei de provinsje. Bygelyks sporten yn Fryslân, it leauwe, saken oer de Fryske taal en mannich histoarysk barren.
De atlas is oanfold mei foto’s fan de loftfotograaf Karel Tomeï.
Ynformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. ISBN 9789001779047
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |