Springe nei ynhâld

Boetedwaning

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Boeteling)

Boetedwaning of boete is it religieuze begryp fan berou oer jins sûnden, mank geand mei in al of net selsopleine straf foar it bedreaune kwea of de misse set. Immen dy't boete docht, wurdt in boeteling nemad. Boetedwaning op it leauwe dat in sûnde (in ferkearde die of in ferkearde gedachte) goedmakke (of fermoedsoene) wurde kin troch dêrfoar in straf te ûndergean. Dit begryp is benammen bekend út it kristendom, dêr't it bekendstiet as penitinsje, en yn 'e Midsiuwen ûnder ynfloed fan Ierske misjonarissen late ta de ynfiering fan it bychtstelsel yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Dêrby wie it tinken dat de minske oan God skea berokkene troch de foarskriften fan God te oertrêdzjen; dy skea moast kompensearre wurde, en dêrta moast de skuldige in straf ûndergean om him mei God te fermoedsoenjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.