Springe nei ynhâld

Blom

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Blommen)
Ljippeblom
Fleizige blomboaiem fan de ierdbei; lingtetrochsneed

In blom is in diel fan in plant, wêryn de organen foar seksuele fuortplanting by elkoar stean. Lang net alle planten hawwe blommen: blommen binne kenmerkend foar planten dy't oant de stamme Angiospermae of Magnoliophyta (bedektsieddigen of blomdragende planten) hearre. Dizze plantegroep omfet tige ferskate planten, fan it gewoane strjigers oant de oprizende hynstekastanje. As it lytste bloeiende plantsje fan Nederlân wurdt de Draadgentiaan beskôge.

Blommen kinne alderlei foarmen en kleuren fertoane en wurde om dy reden al sûnt minskenheugenis al graach as dekoraasje yn hûs en tún brûkt. Blommen foarmje lykwols en in wichtich middel om plantesoarten te werkennen.

Algemiene opbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbou fan de blom yn blomdielen.

Skema fan in blom
Skema fan in blom

blomstâle (9)
blomboaiem (3)
kroanblêden ek wol blomblêd neamd (petalen) (5) en tsjelkblêden (sepalen) (8), tegearre mei blomdek (perianth)
moaltrieden (androecium) besteande út helmtried en helmhokjes (4)
stamper (7) - besteande út styl (1) en stimpel (6)
vruchtbeginsel (gynoecium) (2)

Net alle ûnderdielen sitte yn elke blom. Guon blomen hawwe gjin tsjelkblêden of gjin blomblêden (Noarske eskdoarn), of sels hielendal gjin tsjelk- of blomblêden (bygelyks wylgekatsjes). By in oantal famyljes is der gjin ûnderskied tusken tsjelkblêden en kroanblêden, mar wurdt sprutsen fan blomdekblêden. Ek kinne de blomblêden ûntbrekke, mar binne der wol kleurde tsjelkblêden, lykas by de ljippeblom en de boskanemoan.

Soms is in bytsjelk (epicalyx), in krânse fan tsjelkeftige blêdjes, oanwêzich, dy't lykwols net ta de tsjelk heare. Yn foarbylden hjirfan is de bytsjelk fan Muskuskaasjeskrûd, dy't bestiet út trije line- oant lansetfoarmige blêdsjes.

In blom, die òf stampers òf moaltrieden ( mar net beide) hat, is ien ienslachtige blom. In blom mei allinnich ien of mear stampers is in froulike blom; in blom mei allinnich moaltriedden is in manlike blom. By windbestowers binne de blommen faak ienslachtich.

In twaslachtige blom hat stampers én moaltriedden.

Om de bou fan in bepaalde soarte blom op in beknopte wize wer te jaan wurdt de blomformule brûkt oanfold mei it blomdiagram.