Blauwe moskee fan Mazar-e-Sharif

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mazar-e sharif - Steve Evans.jpg

De Blauwe Moskee fan Mazar-e-Sharif is in 15e-ieuske moskee yn it sintrum fan de stêd Mazar-e-Sharif yn it noarden fan Afganistan. De moskee tanket har namme oan de protte kobaltblauwe en turkooizen tegels dêr't de koepels en minaretten mei beklaaid binne. De moskee wurdt druk besocht troch pylgers.

De moskee wurdt troch sjyityske moslims fereare as de graftombe fan Aly ibn Abû Talyb, de skoansoan fan de profeet Mohammed. De namme fan de stêd hâldt yn "Tombe fan de Ferhevene". Lykwols binne der guons dy't sizze dat Aly ibn Abû Talyb yn de Iraakske stêd Najaf begroeven leit, yn de Imam Alimoskee.

Under de besetting fan de Sovjet-Uny (1979-1989) en de dêrnei folgjende boargeroarloch hat de moskee slim te leien hân en is swier skanseare rekke.