Springe nei ynhâld

Beekdaelen

Ut Wikipedy
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Limburch
boargemaster Eric Geurts (PfdA)
sifers en geografy
haadplak Nuth
grutste plak Nuth
ynwennertal 35.877
befolkingstichtens 459 /km²
oerflak 78,49 km²
● wêrfan lân 78,30 km²
● wêrfan wetter 0,19 km²
tal doarpen 15
ferkearsieren A76, A79, N276, N298, N300, Ring Parkstêd Limburch
skiednis
oprjochte 2019
oant 2019 Onderbanken
Nuth
Schinnen
oar
netnûmer 045/046
postkoade 6155, 6174, 6333, 6336, 6360-6365, 6436-6439, 6447, 6450-6451, 6454, 6456
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.beekdaelen.nl

Beekdaelen is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Limburch. De gemeente is op 1 jannewaris 2019 ûntstien troch in fúzje tusken de gemeenten Onderbanken, Nuth en Schinnen. De gemeente hat 35.877 ynwenners.

Weryndelings proses

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Desimber 2015: De gemeenterieden fan Onderbanken en Schinnen nimme in yntinsjebeslút oer harren foarnimmen om in foarkar foar weryndieling út te sprekken; yn maaie 2016 hat de gemeente Nuth dat beslút ûnderskreaun.
  • 1 novimber 2016: De gemeenterieden fan Onderbanken, Nuth en Schinnen (fan doe ôf ONS) bepale it weryndielingsûntwerp en de datum fan it begjin fan de gemeente.
  • Febrewaris 2017: Nei in perioade wêryn't ynwenners en oare belangstellenden beswier meitsje koene fia in advys, nimme de gemeenterieden fan ONS it weryndielingsûntwerp fêst en stjoere it nei de Deputearre Steaten fan Limburch.
  • Maart 2017: De nije namme wurdt bepaald nei in referindum.
  • 28 maart 2017: De gemeenterieden fan ONS binne it iens mei it weryndielingsadvys.
  • April 2017: Deputearre Steaten stelt in advys op dat tegearre mei it weryndielingsadvys trochstjoerd wurdt nei de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. Hy nimt in definityf beslút oer de weryndieling en leit it foar oan de Earste Keamer en de Twadde Keamer fan de Steaten Generaal.
  • 21 novimber 2018: Gemeenteferkiezings foar de nije gemeente.
  • 1 jannewaris 2019: Start gemeente Beekdaelen.

De nammekommisje makke in kar út 79 jildige nammesuggestjes foar de fúzjegemeente. Ynwenners fan 12 ier en âlder mochten kieze út de nammen Beekdaelen, Beemdenrade en Bekenrade. De namme Beekdaelen krige sa’n 75% fan de stimmen. Beekdaelen is foar de trije gemeenten in ferbinende namme troch de streamdalen en rivieren dy't yn it gebiet streame.

De gemeente bestiet út de folgjende plakken.

Nederlânske namme Limburchske namme Ynwenners
Nuth Nut 6.515
Schinveld Sjilvend 4.640
Hulsberg Hölsberg 3.960
Oirsbeek Oe(ë)sjbik 3.735
Schimmert Sjömmert 3.195
Schinnen Sjènne 2.685
Amstenrade Austroa 2.675
Puth Pöt 2.245
Wijnandsrade Wienesroa 1.640
Merkelbeek Merkelbek 1.615
Doenrade Doonder 1.100
Bingelrade Bèngelder 810
Jabeek Jaobik 705
Sweikhuizen Zjweikese 585
Side persintaazje Stuollen
2018 2022 2018 2022
Vernieuwingsgroep 21,0% 25,6% 6 7
Beekdaelen Lokaal 19,0% 21,8% 5 6
CDA 28,0% 20,3% 7 5
GrienLinks 9,8% 11,6% 2 3
VVD 10,8% 10,9% 3 2
D66 4,9% 5,6% 1 1
PVDA 5,0% 4,3% 1 1
Opkomst 52,5% 52,5% 25 25

Eric Geurts is sûnt 22 augustus 2019 boargemaster fan de gemeente Beekdaelen.

Kultuer en religy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de nije gemeente is in grut oantal kulturele ferieningen aktyf. Elke kearn hat ien of meardere harmonyen of fanfares. Ek hawwe 15 plakken in skutterij.

parochytsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elk tsjerkedoarp hat in parochy mei in eigen parochytsjerke. De parochytsjerken binne:

Fierder binne der yn de gemeente in grut oantal dykkrussen en kapellen. Ek binne der ferskate kleasters. Foarbylden bin it Landgoed Aalbeek en it Klooster Ravensbosch.

Limburch
Flagge fan de provinsje Limburch
Flagge fan de provinsje Limburch
Beek - Beekdaelen - Beesel - Bergen - Brunssum - Echt-Susteren - Eijsden-Margraten - Faals - Falkenburch oan de Geul - Fenlo - Fenray - Foerendaal - Gennep - Gulpen-Wittem - Hearlen - Horst oan de Maas - Kerkrade - Landgraaf - Leudal - Maasgouw - Maastricht (haadstêd) - Meerssen - Mook en Middelaar - Nederweart - Peel en Maas - Roerdalen - Roermûn - Simpelveld - Sittard-Geleen - Stein - Weart
· · Berjocht bewurkje