Springe nei ynhâld

Seeslach (spul)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Battleship (spul))
Seeslach (spul)
Spilers 2
Leeftiid 8 jier en âlder
Spuldoer 15 - 20 minuten
Sjenre riedspul
Nedich potlead-en-rútsjespapier

Seeslach (ek wol: Slachskip, mooglik fan 'e Ingelsktalige beneaming Battleship) is in riedspultsje foar twa spilers.[1] It wurdt spile op rútsjespapier dêr’t de float fan elke spiler op oanjûn stiet. De lizzing fan de float is ferburgen foar de oare spiler. Spilers wikselje elkoar ôf en “sjitte” op de skippen fan de oare spiler. It doel is om de float fan de tsjinstanner te ferneatigjen. It spultsje waard yn de jierren tritich troch ferskate bedriuwen publisearre as in potlead-en-papier spul. Seeslach wurdt oer de hiele wrâld spile sûnt de Earste Wrâldoarloch. Yn 1967 waard it útbrocht as in plestik boerdspul. It spul late ta online ferzjes, fideogames, apps en in film.

Seeslach wurdt meastentiids spile op in fjild fan 10 x 10 hokjes, twa fjilden foar elke spiler. De hokjes fan it fjild wurde oanjûn mei in sifer en in letter, bygelyks A10 of D9. [2]

Foarôf set elke spiler yn it geheim de eigen skippen op it earste ruster. Op dit boppeste ruster kinne letter ek de skotten fan de tsjinstanner oanjûn wurde. Op it oare ruster jout de spiler de eigen skotten oan dy’t er ôffjurre hat op de float fan de tsjinstanner.

Elk skip beslacht in oantal opienfolgjende fjouwerkante hokjes op it ruster. De skippen kinne elkoar net oerlaapje (der kin dus mar ien skip op in bepaald hokje fan it ruster lizze). De tastiene soarten en oantallen skippen binne foar beide spilers itselde. [3]

Elke spiler mei op syn helte tsien skippen sette mei in lingte fan tusken de 2 en 5 opienfolgjende hokjes. It oantal fjouwerkanten foar elk skip wurdt bepaald troch it skipstype. Der kin ek spile wurde mei oare oantallen en lingtes mar de soarten en oantallen tastiene skippen binne binne foar beide spilers lyk. Skippen mei horizontaal of fertikaal stean, mar net diagonaal.

Meastentiids binne der 10 skippen, de meast brûkte skippen binne:

Oantal
skippen
Skipstype Grutte
yn hokjes
1 x Slachskip 5
2 x Kruser 4
3 x Torpedoboatjager 3
4 x Underseeër 2

Yn in spul mei dizze skippen binne der krekt 26.509.655.816.984 (dat wol sizze ûngefear 26.5 triljoen) mooglikheden om de skippen del te setten. It oantal waard bepaald mei dynamyske programmearring.

De boaten reitsje elkoar net, se lizze hielendal frij fan de oare skippen. Elk skip moat hielendal op it ruster stean en skippen meie inoar net oerlaapje. At it spul begûn is meie de skippen net mear fersetten wurde.

At de skippen te plak brocht binne ferrint it spul yn in oantal rondes. Yn elke ronde neame de spilers om bar in hokje yn it roaster fan de tsjinstanner om te besjitten. [4] De tsjinstanner meldt oft it fekje beset wurdt troch in skip. De oanfallende spiler tekent de treffer of misser oan op it eigen "folch"roaster. Sa krije spilers in byld fan de fijânlike float. Doel is dat beide spelers troch doelbewust rieden besykje om as earste de lizzing fan alle skippen fan de tsjinstanner te finen.

At alle koördinaten fan in skip rekke binne, is dat skip sonken. De eigener fan it skip seit dan bygelyks "Do hast myn slachskip sinke litten!". At alle skippen fan de tsjinstanner sonken binne, is it spul dien.

Spilers kinne yn oerlis eigen spulregels ôfprate:

Ferzje út de 1970-er jierren

Yn de Salvo-edysje fan 1930 rjochtsje spilers har op in bepaald oantal hokjes yn ien kear. In spiler kin by elke beurt ynearsten fiif (ien foar elk slachskip) hokjes tagelyk besjitte. It oantal skotten fan spilers nimt ôf at ien fan syn skippen ferlern gien is. [5] Yn de moderne Milton Bradley regels foar Seeslach is Salvo opnomd as in fariaasje "foar spilers mei mear ûnderfining". At in spiler dan bygelyks trije skippen oer hat, mei er trije skotten ôffjurje. [6]

Yn oerlis mei de tsjinstanner kinne de nammen en de ôfmjittings fan de skippen oanpast wurde. Lytse skippen wurde faak keazen, wêrtroch’t de kâns op mis sjitten grutter wurdt en it spul langer duorret. It neidiel is dat troch de ‘ien-rútsje’skippen (meastentiids ûnderseeërs- it strategy-aspekt nei de eftergrûn ferdwynt. It kin barre dat de war om ien inkele net-trasearbere “ûnderseër" te ferneatigjen soarget dat de rest fan de fleat noch net troffen is. Om dy reden komt it faak del op in soarte ünderseeër-gefjocht, wêryn allinnich de kâns bepaald hokker spiler syn tsjinstanner rekket en dus it spul wint.

Spilers kinne ôfprate om oare skipsfoarmen ta te litten, salang’t elk fjouwerkant teminsten gjin oare rútsjes fan dat skip rekket.

Seeminen en kustbatterij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in útwreide ferzje krije spilers ek seeminen (elk fan ien hokje) en in saneamde kustbatterij (trije rútsjes oan de râne, dy’t ek oer de hoeke lizze kinne). Dizze regels wurde oanskerpe en feroarje it hiele spul.

  • Der wurdt mei safolle ‘kûgels’ tagelyk sjitten as it oantal rútsjes fan it grutste oerbleaune skip. (dus at it slachskip der noch altiten is, kinne fjouwer skotten efterinoar ôffjurre wurde. At der allinnich noch mar krusers binne, dan mar trije).
  • De oanfaller seit ek mei hokker skot hy skeat. At hy in myn rekket, fleant syn skip ek de loft yn.
  • De kustbatterij hat mar ien skot. At it raak is, sinkt it troffene skip daliks.
  • De oanfaller jout allinnich oan wat der sonken of rekke is, mar net wêr’t it skip wie.

It ûntstean fan it spultsje is net op skrift fêstlein. De Germanist Warwitz toande oan dat it spul al oan de ein fan de njoggentjinde iuw bestiet.

It spul “Slachskip” soe syn oarsprong hawwe yn it Frânske spul L'Attaque dat yn de Earste Wrâldoarloch spile waard, hoewol’t de parallellen ek oan E. I. Horsman syn fan 1890 Basilind west hawwe, en it spul wurdt ek taskreaun oan Russyske amtners dy’t it al foar de Earste Wrâldoarloch spilen.

De earste kommersjele ferzje fan it spul wie Salvo, dat yn 1931 yn de Feriene Steaten útjûn waard troch it bedriuw Starex’’. Oare ferzjes fan it spul waarden printe yn de jierren 1930 en 1940, wêrûnder Combat: The Battleship Game (Strathmore Company), Broadsides: A Game of Naval Strategy (Milton Bradley) en Combat (Maurice L. Freedman's Warfare Naval). Games Co makke in ferzje mei de namme Wings: dêrby fleane fleantugen oer it Los Angeles Memorial Coliseum. Alle jonge edysjes bestiene út foardrukte reasters op papier.

In 1967 yntrodusearre Milton Bradley in spulferzje mei plestik planken en pinnen. It wie betocht troch Ed Hutchins, spul wie op gatsjeboard en plestik skipkes.

Yn 1977 brocht Bradley in automatisearre Electronic Battleship út, folge troch Electronic Talking Battleship.

Yn 2008 waard in bywurke ferzje fan Seeslach frijjûn, gebrûk meitsjend fan seishoekige tegels. Yn de bywurke ferzje krige elke spiler in boerd mei ferskate eilannen dêr 't "finzene man" byldsjes setten wurde koenen. Skippen meie allinnich om de eilantsjes setten wurde, en allinnich yn de helte fan it boerd fan de spiler. Doe’t de film Battleship útbrocht waard, gie it boerdspul werom nei de oarspronklike styl fan 1967. De 2008 bywurke ferzje wie yn 2018 noch te keap as ‘’Battleship Islands’’.

Slachschip wie ien fan de ierste games dy’t ferskynden as in kompjûterspultsje, mei in ferzje dy’t útbrocht waard foar de Z80 Compucolor yn 1979. In soad kompjûteredysjes fan it spul binne sûnttiids ferskynd. Yn Clubhouse Games foar de Nintendo DS, stiet Battleship bekend as Grid Attack. It wurdt spile op in 8 × 8 ruster, en befettet lytse fariaasjes, lykas 4-spiler gameplay, en ferskate skipsmaten en foarmen. Der ferskynden ek ferzjes fan Battleship op guon sosjale netwurktsjinsten.

Seeslach wie ek ûnderdiel fan Hasbro Family Game Night foar de PlayStation 2 en Wii, krektas de Xbox 360 (Xbox Live Arcade). Dizzen feroaren de spulregels, mei ynbegrip fan de grutte fan it ruster (8 × 12 yn de NES-ferzje, 8 × 8 yn de Game Boy ferzje), skipsgrutte (it is wenst om in ûnderseeër yn ien hokje te setten) en spesjale raketten foar elk skipstype. Bygelyks yn de NES-ferzje fan de kruser hat in fiif-skot raket dy’t fiif fjouwerkanten bestrike yn in X patroan op it ruster yn ien beurt. Underseeske tracking sonar en loftverkenning om skippen te finen binne ek funksjes.

In lytse ferzje fan Seeslach waard brûkt yn it tredde seizoen fan The Hub's Family Game Night, dy’t gebrûk makket fan in 5 × 5 ruster: it earste team dat trije skippen sinke liet hie wûn.

By Seeslach op de kompjûter wurde gjin koördinaten neamd, mar wurde besketten hokjes selektearre op it folchruster troch oanklikken of troch in touchscreen. Dan is fuortendaliks te sjen oft de treffer raak is of mis (rekke fekjes krije in reade kleur). Dêrby binne faak lûdseffekten te hearren, lykas "ploems" by in misser en "boem" by in treffer. Sadree’t in skip sonken is, wurdt dat melden. Hjirby wurdt ek oanjûn hokker skip sonken is. By it lûd kin ek in animaasje fan it sinkende skip toand wurde. De kompjûterferzje kin mei twa spilers spile wurde, mar ien spiler kin ek tsjin de kompjûter spylje.

Yn 2012 waard it spul as basis brûkt foar de militêre sciencefictionfilm Battleship. [7] [8]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.fupa.com
  2. Complete Rules for Battleships Game Folsleine (Ingelske) spulregels fan Battleship
  3. Spulregels fan Battleship
  4. Ynstrukjses Battleship
  5. Hinebaugh, Jeffrey P. (2009). A Board Game Education. R&L Education. ISBN 9781607092605.
  6. Battleship|website=BoardGameGeek webside BoardGameGeek
  7. Battleship Official Hasbro Rules – Spulregels foar Battleship (ferzje fan 2002)
  8. Ynstruksjefilmke (in)