Cornelia de Vos van Steenwijk
Cornelia Anna Agatha Albertina baronesse de Vos van Steenwijk (Meppel, 26 febrewaris 1854 - Arnhim, 7 maaie 1940) wie de stiftster fan in sikehûs op It Hearrenfean.
Ut eigen middelen stifte hja yn 1895 it earste Hearrenfeasnster sikehûs en wol yn it pân oan de Ferlingde Dracht (no "Boargemaster Falkenawei). Hja wie sels direktrise, operaasjesuster, ferpleechster en administratrise. Hja hie by har wurk help fan twa ferpleechsters, in waakster en twa tsjinstfamkes. De measte pasjinten waarden op kosten fan de stifteresse ferpleechd. Ek nei fertrek út de ynrjochting liet de baronesse har âld-pasjinten net oan har lot oer.
Yn 1899 moast hja har wurk om gesondheidsredenen dellizzze en gie út It Hearrenfean wei. It sikehúske waard sluten, mei omdat de gemeente it net oernimme woe. De Baronesse fêstige har doe yn Zandvoort, wêr't se huzinge "Frisia" stifte foar de ferpleging fan Fryske bern.
Yn Hoarnstersweach hat de freule oan it begin fan de 20e iuw pleatsen stichte.
De freule wie in dochter fan Jan Willem Jacobus baron de Vos van Steenwijk en Isabella Catharina Johanna van Eysinga
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk ferpleechkundige
- Nederlânsk boekhâlder
- Nederlânsk filantroop
- Nederlânske adel
- Frysk bestjoerder
- Frysk ferpleechkundige
- Frysk boekhâlder
- Frysk filantroop
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Drintsk persoan
- Skiednis fan It Hearrenfean
- Skoatterlân
- Persoan berne yn 1854
- Persoan stoarn yn 1940