Barend de Beer
Appearance
(Trochferwiisd fan Barend de Bear)
Barend de Beer wie in fan oarsprong Frânsk berneprogramma dat fan 3 jannewaris 1964 oant en mei 28 septimber 1968 útstjoerd waard. Earst troch de KRO en de NCRV, en fan maart 1965 ôf troch de NTS.
It programma waard betocht troch de Frânsman Claude Laydu en yn it Nederlânsk neisprutsen. Barend kaam eltse jûn op syn wolkje oanfleanen, kaam dan mei in touljedderke del om de bern Klaasje en Pimpernel in teltsje te ferheljen. It einige as it Sânmantsje sân yn harren eachjes struide en Barend mei syn swiere bromstim altyd sei: 'Doech leave berntsjes, lekker sliepe!'. (Dag lieve kindertjes, slaap maar lekker!)