Baptistetsjerke (Haulerwyk)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Baptistetsjerke
Baptistentsjerke (Haulerwyk).jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Ooststellingwerf wapen.svg Eaststellingwerf
plak Haulerwijk wapen.svg Haulerwyk
adres Noargerwei 49
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1925
webside Side baptistengemeente, Haulerwyk

De Baptistetsjerke is in tsjerkegebou oan de Noargerwei yn Haulerwyk. De gemeente is oansletten by de Uny fan Baptisten Gemeenten yn Nederlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De groei fan in baptistegemeente sette út ein nei't it echtpear De Vries út Ljouwert harren nei wenjen setten yn Haulerwyk en fan dêr út yn Súd-East Fryslân evangelisearren. Hja stiften in "gemeente fan doopte kristenen", dy't yn 1946 feroare waard yn de baptistegemeente.

It tsjerkegebou fan de baptisten waard boud yn 1925. Yn de folksmûle krige it gebou troch dûmny De Bock de bynamme "it bokkehok".

Yn de jierren 1980 ûntstie der troch in skuorring yn de gemeente de frije baptistegemeente "Immanuël", dy't in eintsje westliker oan de Haadwei syn ûnderkommen hat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: