Asylsiker
In asylsiker is in frjemdling dy't yn in oar lân as it thúslân beskerming freget tsjin gefaar en ferfolging. Dat kin immen wêze dy't flechte is en fynt dat weromgean nei it lân fan komôf gefaar opleveret, bygelyks troch skeining fan syn rjochten neffens it Flechtlingeferdrach of it Europeesk Ferdrach foar de Rjochten fan de Minske en dy't ferwachtet dat de oerheid fan it oanbelangjende lân him dêrtsjin net genôch beskerming jout.[1] In asylsiker kin ek immen wêze dy 't flechte is út syn lân fanwegen de earmoede. Yn Nederlân hjit in asylsiker waans fersyk erkend waard in flechtling.
Asylsikers freegje polityk asyl oan yn in lân dêr't se fan tinke feiliger te wêzen of better libje te kinnen. It asylsykjen is fan alle tiden. Sa fûnen hiel wat Flaamske keunstners en yntellektuelen asyl yn Nederlân yn de tiid fan de Spaanske oerhearsking.
Yn politike diskusjes wurde meast twa soarten asylsikers ûnderskaat:
- Politike flechtlingen: asylsikers dy't fanwegen ferfolging foar harren godstsjinstige, politike of syndikale opfettings, koartsein fanwegen harren feilichheid flechte binne; hja binne flechtling yn de sin fan de definysje yn art.1A fan it Flechtlingeferdrach út 1951 en it oanfoljend Protokol fan New York út 1967.
- Ekonomyske flechtlingen: asylsikers dy’t fanwegen de kâns op in better libben (ekonomysk) asyl oanfreegje yn in beskaat lân.
De grins tusken flechtlingen dy't in libbensbedriigjende situaasje ûntsnappe wolle en ekonomyske flechtlingen is dizenich. [2] It ûntbrekken fan in rjochtssteat of in ynstabile politike situaasje yn it lân fan komôf giet faak mank mei willekeur, te min sûnenssoarch, sosjale wissichheid en ûnderwiismooglikheden en korrupsje. It is yn in soad gefallen net foar de asylsiker en likemin foar de amtners fan de ymmigraasjetsjinst mooglik, slutend te bewizen wat de motiven foar de asyloanfraach binne.
Lannen binne ferplichte om flechtlingen op te nimmen as dy lannen it Flechtlingeferdrach út 1951 ûndertekene hawwe. Yn dat ferdrach wurdt gjin omtinken bestege oan oare redenen dy't ta de flecht laat hawwe, lykas hongersneed of it ûntbrekken fan takomstperspektiven yn it lân fan komôf.
Der jildt in spesjale regeling foar de allinnichsteande minderjierrige frjemdling (amf), foarhinne allinnichsteande minderjierrige asylsiker (ama). Dat is immen dy ’t by oankomst yn Nederlân minderjierrich is, kommend fan bûten de Europeeske Uny, en allinnich nei Nederlân komd is.[3] It Beslút fan 14 maaie 2013, hâldende wiziging fan it Frjemdlingebeslút 2000 en it Beslút modern migraasjebelied yn ferbân mei de oanpassing fan it bûtenskuldbelied foar allinnichsteande minderjierrige frjemdlingen skaft de amf-fergunning yn it Frjemdlingebeslút 2000 ôf, en kreëarret in grûnslach foar ferliening fan in bûtenskuldfergunning.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Refugees fan Wikimedia Commons. |