Arnoldus Nijlen
Arnoldus Nijlen (Nimwegen ? - Brussel 1603) wie de tredde biskop fan Grins. Hy waard 1593 ta biskop beneamd en moast in jier letter, nei de Reduksje fan Grins (22 july 1594) syn sit al wer oerjaan.
Nijlen wie Dominikaan. Hy wie yngien yn it Jakobinerkleaster yn Grins, dêr't er 1576 de lieding oer krige. Yn 1589 promovearre er yn Keulen yn de teology en waard itselde jier noch fikaris fan it bisdom Grins. De doe beneamde biskop, Jan fan Bruhesen, waard foardat hy de sit yn Grins feitlik besetten hie, yn 1592 beneamd yn Aartsbisdom Utert, wêrnei't Nijlen biskop yn Grins wijd waard.
Nei in jier yn it amt waard de stêd ynnaam troch prins Maurits en de Fryske steedhâlder Willem Loadewyk wêrnei't de katolike tsjerke ferbean waard en de biskop de stêd ferlitte moast. Nijlen ferfarre nei Brussel dêr't er yn 1603 stoar en bedobbe waard yn it Dominikanerkleaster.