Oer-alles

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Allround)

Oer-alles of mei in lienwurd út it Ingelsk allround, is in term dy't ferwiisd nei immen of eat dat op alle mêden de bêste is. Dizze oantsjutting kin yn prinsipe foar fan alles en noch wat brûkt wurde, mar ornaris wurdt der lykwols mei ferwiisd nei in kampioenskipstitel by it reedriden.

Winner[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bij Oer-alles ride reedriders fjouwer ôfstannen, en harren resultaat wurdt berekenne út de fjouwer tiden dy't se helje. Hjirta wurde de tiiden fan alle ôfstannen weromrekkene nei de koartste ôfstân; foar de punten fan in ôfstân jildt dan: punten = ( (tiid yn sekonden) * (koartste ôfstân) ) / (dizze ôfstân). Bygelyks: 1.500 meter yn 1:47 (107 sekonden) jout: (107 * 500) / 1500 = 35,666 (de punten wurde nei it tredde syfer efter de komma ôfkapt).

De punten foar de fjouwer ôfstannen wurde opteld, en de winner is dejinge mei de minste punten.

Kombinaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Resultaten Oer-alles kinne fansels oer eltse kombinaasje fan ôfstannen útrekkene wurde, mar foar de titel wurde fêste fjouwerkampen brûkt:

Alde fjouwerkamp
500 meter, 1.000 meter, 1.500 meter en 3.000 meter - dit wie de eardere Oer-alles foar froulju.
Lytse fjouwerkamp
500 meter, 1.500 meter, 3.000 meter en 5.000 meter - dit is no de Oer-alles foar froulju.
Grutte fjouwerkamp
500 meter, 1.500 meter, 5.000 meter en 10.000 meter - dit is de Oer-alles foar manlju.

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De titel Oer-alles is ien fan de âldste yn it reedriden. It joech oan dat immen yn in toernoai dêr't koarte en lange ôfstannen yn riden waarden alles ride koe. Mar foar de tiid fan de rekkenmasines en de presyse tiidwaarnimming wie de titel Oer-alles mear in earetitel, dy't allinnich jûn waard oan ien dy't trije fan de fjouwer ôfstannen wûn hie.

Mei it puntensysteem feroare dat, en waard it mooglik en win in titel sûnder ek ôfstannen te winnen. Hjirtroch waard de titel Oer-alles sa'n wichtich part fan de toernoaien dat op it lêst aparte toernoaien foar ôfstannen organisearre waarden.

Mooglik komt der yn de takomst in Olympyske titel Oer-alles. Foarstanners hjirfan binne al jierren dwaande dit regele te krijen. Sa't it no liket wurdt dat dan in Olympysk nûmer wat op de lytse fjouwerkamp basearre wêze sil.

Kampioenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]