Springe nei ynhâld

Aichi E13A

Ut Wikipedy
Aichi E13A
E13A-3s
E13A-3s
algemiene ynformaasje
rol Wetterfleantúch, ferkenner, bommesmiter
lân f. oarspr. Japan
makker Aichi Kokuki KK
gebrûk
earste flecht hjerst 1939
yn tsjinst 1941
út tsjinst 1948
tal makke 1.418
brûkers Keninklike Taiske Marine, Frânske Marineloftmacht
grutste brûker Japanske Keizerlike Marineloftmacht
fierdere bysûnderheden
farianten E13A1, E13A1-K, E13A1a, E13A1a-S, E13A1b, E13A1b-S, E13A1c

De Aichi E1 A (alliearde koadenamme: "Jake") wie in langeôfstânsferkenningswetterfleantúch dat fan 1941 oant 1945 brûkt waard troch de Keizerlike Japanske Marine (KJM). It wie yn getallen útdrukt de wichtichste driuwerfleanmasine fan de KJM en koe in bemanning fan trije en in bommelêst fan 250 kg (550 lb) ferfiere.

In E 13 A by in kattepûllansearring fan de kruser Ashigara ôf, 1943

Operasjonele skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Sina operearre it tastel fan wetterfleantúchtenders en krusers ôf. Letter waard er brûkt as ferkenner foar de oanfal op Pearl Harbor en waard er ynset by gefjochten mei de Amerikaanske Marine by de slach yn de Koraalsee en de slach by Midway. It tastel wie yn it hiele konflikt yn tsjinst foar kustpatrûljes, oanfallen tsjin de skippen, ferbiningen, trânsport fan offisieren, rêdingen fan skipbrekkelingen en oare misjes, lykas in pear kamikazemisjes yn de lêste dagen fan de oarloch.

Ien Aichi E 13 A waard troch Nazi-Dútslân brûkt neist twa Arado Ar 196's fan de basis op Penang ôf. De trije fleantugen foarmen de East Asia Naval Special Service om de Dútske Monsun Gruppe en lokale Japanske marineoperaasjes te assistearjen. [1]

Acht eksimplaren waarden brûkt troch de Frânske Force maritime de l'aéronautique navale yn de Earste Yndosineeske Oarloch fan 1945 oant 1947, [2] wylst oare foar de oarloch nei alle gedachten brûkt waarden troch de Keninklike Taiske Marine. Ien eksimplaar (MSN 4326) waard nei de ein fan de fijanlikheden oerdroegen oan de Nij-Seelânske striidkrêften en waard koarte tiid flein troch RNZAF-personiel, mar waard net reparearre nei 't in driuwer skansearre wie en dêrnei sonk op syn lisplak yn de baai fan Jacquinot yn Papoea Nij-Guineä. [3]

Technyske gegevens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
E13A1
Parameters
Bemanning 3
Lingte 11,30 m
Hichte 4,7 m
Spanwiidte 14,50 m
Fleugeloerflak 36,0 m²
Fleugellingte 5,8 m
Gewicht leech 2642 kg
Maks. gewicht by start 3640 kg
Oandriuwing ien Mitsubishi Kinsei 43 fan 795 kW (sa'n 1.080 hk)
Topfaasje 376 km/0
Tsjinstplafond 8.730 m
Fleanberik 2.100 km
Bewapening ien beweechbere 7,7-mm Lewis-masinegewear type 92 efteryn de cockpit,
oant 250 kg bommen
  • René J. Francillon: Japanese Aircraft of the Pacific War, US Naval Institute Press, 1987, ISBN 978-0-87021-313-7.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Geerken, Horst H. (9 juny 2017). Hitler's Asian Adventure. BoD – Books on Demand. s.. 375–376. ISBN 978-3-7386-3013-8.
  2. Dorr and Bishop (1996), s. 234.
  3. Homewood, Dave (ed.). "RNZAF Life in the Pacific". Wings Over Cambridge. Archived from the original on 2019-12-17.