Abraham van Stolk
Abraham van Stolk | ||
Portret Abraham van Stolk (1894) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Abraham van Stolk Corneliszoon | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 jannewaris 1814 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 6 febrewaris 1896 | |
stjerplak | Rotterdam | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Samler, houtkeapman, ambachtshear Ameide |
Abraham van Stolk (Rotterdam, 24 jannewaris 1814 - dêre, 6 febrewaris 1896), wie in Nederlânske houthanneler en samler.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Stolk, telch út it geslacht Van Stolk, wie de âldste soan fan Cornelis van Stolk (1792-1848) en Anna Joanna Havelaar (1793-1874).
Abraham van Stolk (1814–1896), in bekende Rotterdammer yn syn tiid, kaam út de famylje Van Stolk, in famylje fan ûnder oaren houthannelers, en stie in grut part fan syn libben oan it haad fan it famyljebedriuw. Hy wie beskermhear of earelid fan ferskate Rotterdamske ferieningen en majoarkommandant fan it Korps Koninklijke Scherpschutters.
Van Stolk waard yn 1869 beneamd ta offisier yn de Oarder fan de Ikekroan. Yn 1880 waard Van Stolk troch de kening fan Italië beneamd ta ridder yn de Kroanoarder fan Italië.
Neist al syn njonkenfunksjes naam er ek tiid foar syn leafhawwerij: it sammeljen fan histoarjeprinten, dêr't er yn 1835 mei útein sette.
Yn 1835 sette er útein mei it sammeljen fan ôfbyldingen, om sa de skiednis fan Nederlân fan de komst fan de Batavieren ôf oant syn eigen tiid yn byld te bringen. By syn sammelaktiviteiten waard er ynspirearre troch in sterke leafde foar heitelân en foarstehûs. Ek yn syn gedichten en oar geskriften docht syn heitelânslaafde bliken. Nei de dea fan Van Stolk yn 1896 gie syn samling oer op syn soan. Dy wreide de kolleksje út, krekt as lettere erfgenamten, dy 't ek pasjonearre samlers wiene. Op in stuit waard de kolleksje te grut om yn'e hûs te hâlden en joech de famylje de samling yn brûklien oan de Gemeente Rotterdam. Sûnt dy tiid is de Atlas Van Stolk in iepenbiere kolleksje en fêstige yn it Schielandshuis yn Rotterdam.
Van Stolk kocht yn 1876 ûnder oare de ambachtshearlikheid Ameide en waard dêrmei ambachtshear fan Ameide. Nei syn ferstjerren soene syn neisieten him as ambachtshear opfolgje.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nederland en Oranje: 1563-1863, Rotterdam, 1863
- De eeuwigheid en wij, Rotterdam, 1866
- Gedichten, Rotterdam, 1886
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|