Springe nei ynhâld

Rockmuzyk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jun 2020 om 03.35 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
The King, Elvis Presley

Rock is in subsjenre fan de popmuzyk, dat tradisjoneel skaaimerke wurdt troch in besetting fan gitaar, basgitaar en drums, oanfold mei sang en/of oare ynstruminten.

Rock waard populêr yn de Feriene Steaten yn de jierren 50, doe't it evoluearre út besteande sjenres as rhythm-and-blues en country. Dêr't it yn de jierren 50 allinnich út rock-'n-roll en rockabilly bestie, groeide rock út ta in muzykstreaming mei in soad ferskillende subsjenres.

Rock waaide yn de jierren sechtich, mei troch de British Invasion, oer nei de rest fan de wrâld. Ein jierren 60 ûntstie de psychedelyske rock, folge troch heavy metal en punk yn de jierren 80. Yn de jierren dernei wiene new wave en grunge populêr. Rock bliuwt wrâldwiid ien fan de meast beharke sjenres.[1]

Omdat it sjenre tige breed is, is 'rock' hjoeddeisk in frij algemiene term. It beslaat sawol hitparademuzyk lykas Kane en K's Choice mar ek guon foarmen fan metal. Soms wurde ek blues en country ta de rock rekkene.

Rock waard in ynternasjonaal kultureel fenomeen mei in frij grut soajaal effekt. De rock is evoluearre yn in massa fan heechst wikseljende stilen mei wiid fersprate populariteit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) What is Rock Music? (wisegeek.com)