Iesdoarp
In Iesdoarp of brinkdoarp is ien fan de doarpsfoarmen op de sângrûnen yn Nederlân, oer it algemien ûntstien yn de Hege Midsiuwen. Iesdoarpen binne in soad te finen yn Drinte, lykas Diever, Orvelte, Dwingelo en Vledder. Ek Assen, Emmen en Grins binne fan oarsprong esdoarpen. In oar gebiet mei in soad oarspronklike iesdoarpen is It Goai, bygelyks Laren). Fierders binne se te finen yn Noard-Brabân en Limburch. Fryske iesdoarpen lizze yn de Stellingwerven, lykas Aldeberkeap en Bakkefean, mar Feankleaster yn de noardlike Wâlden.
De doarpen hawwe in oantal mienskiplike skaaimerken:
- Der is in brink.
Oarspronklik lei sa’n brink oan de râne fan it doarp (fergelykje it mei it Ingelske brim = "râne") dêr’t de kij en skiep jûns en moarns gearkamen. Op dy brink waarden iken of popelieren set om te brûken as boumaterialen. Troch it waaksen fan de doarpen kaam dy brink letter faak yn it sintrum fan it doarp te lizzen. Boppedat waarden op de brink merken hâlden, dêr’t in sintrale funksje troch krige. It moat ûnderskieden wurde fan it ier-midsiuwske tij, dat meastal in mear minsklike funksje hie, en dus net foar it fee. - Der is in ies.
De ies wie de mienskiplike ikker. Faak lei dy wat heger as it doarp. Dy hege lizzing is diels ûntstien troch de wize fan bedongjen fan de essen, en foar in part trochdat dy plakken al heger leinen. - Der is in beek.
Yn beekdellings lei meastentiids healân dat winterfoer foar it fee opsmiet. - By de beek lâns lizze mieden, fergelykje it Ingelske meadow) en healannen.
Dy miedlannen waarden mienskiplik beweide troch kij. De wietere healannen waarden ien kear yn’t jier meand. - Der is in 'fjild' (heide).
Op dat fjild waard de skiep fan it doarp hoede troch de doarpsharder. Ferskate nammen wize noch op de relaasje tusken doarp en fjild, lykas Dwingelderveld (it fjild fan Dwingelo, no in nasjonaal park) en Orvelterveld (it fjild fan Orvelte, no in lânbougebiet mei nije pleatsen). - De pleatsen steane by elkoar yn it doarp.
Dat statyske model waard yn 2004 útinoar raffele en ûntmytologisearre yn it proefskift Het Drentse Esdorpenlandschap fan de Grinzer heechlearaar Theo Spek. De ûnderdielen fan it model blike tige ferskillende âlderdom te hawwen, dat binne net as ien gehiel ûntstien. Sa waard de seaddebedonging pas in grut tal iuwen nei it ûntstien fan de iessen ynfierd, en bestiet der ek op ynternasjonaal nivo gjin strakke romtlike histoaryske bân tusken beide fenomenen.