Wurkgelegenheid
Appearance
Wurkgelegenheid is in term dy't oanjout oft der genôch wurk is foar de beropsbefolking fan in streek of lân. Der is folsleine wurkgelegenheid at alle wurknimmers dy't wurkje wolle in arbeidsplak krije kinne. It ûntbrekken fan wurkleazens is net itselde as it hawwen fan in folsleine wurkgelegenheid. It tanimmen fan de beropsbefolking en in ôfnimmen fan de wurkleazens hingje trochstrings wol mei inoar gear.
De wurkgelegenheid fan in projekt of sektor kin ûnderferdield wurde yn trije kategoryen:
- Direkte wurkgelegenheid: oantal minsken binnen in projekt of sektor
- Yndirekte efterwertse wurkgelegenheid: wurkgelegenheid by de taleverjende yndustry oan in projekt of sektor dy't ferbân hâldt mei it oangiene projekt of de oangiene sektor
- Yndirekte foarwertse wurkgelegenheid: wurkgelegenheid dy't ûntstean kin as gefolch fan spin-off effekten troch in nij projekt.