Fryske Kultuerried
Stichting De Fryske Kultuerried wie oprjochte om de kultuer yn Fryslân yn it algemien te fersterkjen en de Benammen de Fryske kultuer. It stimulearjen ta en bondeljen fan kulturele aktiviteiten stie foarop, wêrby't it foarmings- en ûntwikkelingswurk ynbegrepen wiene. Dizze Stifting waard oprjochte yn 1945.
Praktysk alle ferienings en organisaasjes op kultureel mêd wiene yn de Fryske Kultuerried fertsjintwurdige. Nei 1970 hawwe yn de organisaasje in oantal grutte feroarings west: de âlde kommisjes binne omsetten yn seksjes dy't mei elkoar it hiele skala fan kulturele aktiviteiten bestrykten. Yn 1974 wienen dat de seksjes:
- Byldzjende Keunst en Boukeunst
- Dûns en Beweging
- Byld en Lûd
- Toaniel en Foardracht
- Muzyk en Sang
- Literatuer
- Foarmings- en ûntwikkelingswurk
- Massamedia
- Mediateken en Tentoanstellingswêzen
- Wenje en Libje
- Sosjaal-kulturele sintra
By de reorganisaasje waard in splitsing makke tusken it advisearjende wurk yn de seksjes en it útfierende wurk. Dit lêste waard fersoarge troch it Buro foar Kulturele saken, dat organisatoaryske, administrative, boekhâldkundige en oare praktyske tsjinsten ferlient op provinsjaal nivo en bemiddelt by it opsetten fan opliedingen (muzyk, toaniel, film) en aktiviteiten op gemeentlik en pletslik nivo. Fierders bemiddelt it buro by de ynskeakeling fan deskundigen/dosinten foar aktiviteiten en opliedingen, wylst ek in materialedepot beheard wurdt, wêrút apparatuer as in fideorekorder, bânrekorder, kamera's en projektors liend wurde kinne.
Sûnt 1973 is oan it FK it Buro Kulturele Paspoarten Fryslân ferbûn ( dêrfoar, sûnt 1967 de Kommisje Kultureel Jongeren Paspoart), mei as taak it útjaan fan kulturele paspoarten (CJP en 65+). Yn 1975 waard in nije kultuernota útbrocht, wêryn oan Deputearre Steaten fan Fryslân beliedsadvizen jûn waarden oer it hiele, troch de FK bestykte terrein. It FK siet sûnt 1954 yn it Keunstsintrum Prinsetún, yn 1973 gie it oer nei in pân oan de grutte Tsjerkestrjitte. Op fersyk fan de stêd Ljouwert waard, mei in spesjale subsydzje, troch de FK it behear oer it Keunstsintrum en it Museum Pier Pander fersoarge.
Tentoanstellingstsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar it tentoanstellingswurk waard yn 1973 oan de tentoanstellingstsjinst fan de Kultuerried in stêflid beneamd foar advisearjend en bemiddeljend wurk by it opsetten fan en roulearje litten fan grutte en lytse eksposysjes. De tsjinst ferhierde ek opboumateriaal.
Fryske Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As risseltaat fan de oanrikkemendearrings fan de kommisje-Van Ommen koe yn 1972 in meiwurker oanlutsen wurde foar Frysk-eigene kulturele aktiviteiten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|