Springe nei ynhâld

Jack Lousma

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 mai 2020 om 19.39 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jack Lousma

Jack Robert Lousma (Grand Rapids, Michigan, 29 febrewaris 1936) wie in NASA-astronaut dy't by de Skylab-bemanning hearde dy't fan 28 july 1973 ôf 59 dagen, 11 oeren en 9 minuten yn de romte wie.

Syn pake Sipke Lousma emigrearre yn 1893 fan Piaam nei de Feriene Steaten. Yn juny 1974 brocht Jack Lousma in offsjele besite oan Fryslân. Hy wie doe ûnderweis nei Ruslân, omdat er reserve-astronaut wie by it mienskiplik Amerikaansk-Russysk romtefeartprojekt simmer 1975.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: