Springe nei ynhâld

James (rivier)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 mai 2020 om 01.05 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (Frysk)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Streamgebiet fan de James
De James by Cartersville

De James is in rivier yn it noardeasten fan de Feriene Steaten, yn de steat Firginia. De rivier is ferneamd nei de Ingelske kening James I. Tegearre mei de Jackson hat de James in lingte fan 660 km. It streamgebiet beslacht 27.020 km², in gebiet dêr't sa'n 2.5 miljoen minsken wenje (2000). It is de tolfde rivier nei grutte yn de Feriene Steaten en hy rint mar troch ien steat.

De rivier James ûntspringt yn de Allegheny Bergen, yn de omkriten fan Iron Gate, op de grins tusken de counties Alleghany en Botetourt, troch de gearrin fan de rivieren Cowpasture en Jackson en mûnet by Hampton Roads yn de Chesapeakebaai.

Bûlevaarbrêge yn Richmond

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory James River, Virginia fan Wikimedia Commons.