Erogene sône
In erogene sône (fan it Grykske ἔρως eros en -γενής -genes "berne") is in tige gefoelich gebiet fan it minsklik lichem mei in ekstra gefoelichheid; stimulaasje op sokke plakken kin eroatyske gefoelens en seksuele opwining oproppe.
Dy sônes kin fan minske nei minske ferskille. De gebieten om de geslachtsorganen hinne binne erogene sônes, sa as it ûnderliif en de binnenkant fan de dijen. By de measte froulju binne de titten in erogene sône, en by in protte manlju ek, mar net altyd. Oare plakken dy't in eroatysk gefoel jaan kinne at se aait of hoeden oanrekke wurde binne de earlapkes, nekke en hals, de rêch, billen of fuotten.
Partners dy seksueel goed op elkoar ynspile binne, witte wat elkoars erogene sônes binne en witte hoe't sy harren partner seksueel opwine kinne.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |