Springe nei ynhâld

Talint

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 apr 2020 om 00.59 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dizze side giet oer talint yn de sin fan bejeftigens of feardichheid. Foar oare betsjuttings, sjoch: talint (betsjuttingsside).

In talint is in útsûnderlik goed ûntwikkele eigenskip of fermogen fan in beskaat persoan. Men seit dan dat dyselde op dat mêd bejeftige is. Sa kin immen bgl. in talint hawwe foar beskate skoalfakken, lykas de talen (in 'taleknobbel') of de eksakte fakken (in 'wiskundeknobbel'). Ek kin men in natuerlike oanlis hawwe foar beskate soarten wurk, foar keunst (keunstsinnigens), foar sosjale ynteraksjes (in 'flotte babbel'), ensfh. By alle boppeneamde foarbylden spylje oanberne eigenskippen in wichtige rol. Talinten kinne lykwols ek feardichheden wêze, dy't bewust oanleard binne. Dêrby spylje benammen ûnderfining en handichheid in grutte rol.

Talinten yn 'e sin fan natuerlike oanlis wurde gauris assosjearre mei in hegere as trochsneed yntelliginsje, mar sa'n heechbejeftigens is foar it hawwen fan in talint net nedich. Men sprekt fan in sjeny as de talinten fan immen har yn in ferskaat oan rjochtings útstrekke ynstee fan yn mar ien rjochting of sjenre. It komt net selden foar dat minsken harsels hielendal net bewust binne fan it feit dat se in talint yn in beskate rjochting hawwe, om't se gjin belangstelling foar dy rjochting hawwe of om't se der noch nea mei yn kontakt kommen binne. As immen bgl. in grut keunstsinnich talint hat, mar fanút syn of har opfieding in hekel oan keunst krigen hat, sil dat talint him nea ûntjaan. Om lju te ûntdekken mei in grut talint op it mêd fan 'e entertainmentyndustry wurde gauris talintejachten holden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.