Hunzegoakanaal
Appearance
It Hunzegoakanaal is in ôfwetteringskanaal yn it noardwesten fan de provinsje Grinslân en rint fan Stoart nei Sâltkamp ta. De totale lingte fan it kanaal is 6,6 kilometer. It waard yn de 19e iuw groeven, yn of koart nei 1852. By de oanlis fan it kanaal waarden besteande wetterkes kanalisearre, mei as doel it ferbetterjen fan de ôfwettering fan de Marne.