Springe nei ynhâld

Leeuwarder Nieuwsblad

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 apr 2020 om 16.19 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Boarnefernijing)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

It Leeuwarder Nieuwsblad wie in advertinsjeblêd dat fan 1907 oant 1942 ferskynde en útjûn waard troch it krantebedriuw fan de famylje Hepkema. It blêd hie as suppleminten Luim en lectuur, Kinderblad voor de jeugd, en Van en voor de vrouw. It jublileumnûmer 7074 ferskynde op 9 jannewaris 1932. Reinder Brolsma hie der de wyklikse rubryk Gesprekken op de brug yn.

De krante gie yn septimber 1942 mei de Ljouwerter Krante op yn de pro-Dútske fúzjekrante Friesche Courant dy't oant yn 1945 ferskynde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: