Springe nei ynhâld

Hichteboarch

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 feb 2020 om 07.58 troch PieterJanR (oerlis | bydragen) (Overbodige tag)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In hichteboarch is in boarch dy't op in berch of heuvel stiet, dus boppe it omlizzende gebiet. De namme is ôflaat fan it yndielen fan boargen neffens harren topografyske posysje en men ûnderskied harren fan leechlânboargen.
Hichteboargen sels kinne ek ûnderskaat wurde yn de folgjende groepen:

  • Boargen op de top, dy't boud binne op de top fan in berch mei steile kanten oan alle kanten.
  • Boargen op in berchkaam, dy't boud binne op in "kaam" dat in rige bergen of heuvels is
  • Boargen op in helling, dy't boud binne op in helling fan in berch
  • Boargen op in útstekkende legere top fan in berch, dy't boud binne op trije steile kanten en dus allinnich ferwarre wurde moasten oan ien kant.

Doe't yn de rin fan de tsiende en alfde iuw de boargen harren suvere ferdigeningskarakter ferlearen en mear as fersterke aadlike wenboargen tsjinjen giene, krigen de hichteboargen de foarkar, om't hja makliker te ferdigenjen wiene. Yn Dútslân binne hast 66 prosint fan de midsiuwske boargen dy't hjoed-de-dei noch besteane hichteboargen. Yn de eardere iuwen koene allinnich keningen en de rykste eallju boargen bekostigje. Fan de tolfde iuw ôf koene ryksministerjelen heuvelboargen bouwe en dat waard folge troch de adel.
Hjoed-de-dei binne hichteboargen benammen toeristyske atraksjes, om't hja faak goede útsichten hawwe, hoewol't gauris in tagongspriis frege wurdt. Se hawwe faak restauranten en men kin it ynterieur fan de boarch besjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • F.-W. Krahe: Burgen und Wohntürme des deutschen Mittelalters, side 22.