Harry Meerveld
Appearance
Harry Meerveld (Noordhorn, 1945) is in byldzjend keunstner út Warffum.
Hy studearre tusken 1970 en 1976 oan de Akademy Minerva yn Grins yn de frije ôfdieling.
Meerveld hellet syn ynspiraasje út de eigen omjouwing. Underwerpen binne benammen stillibbens, ynterieurs en lânskippen dy't bytiden kombinearre wurde. Benammen de lêste jierren skildert er winterlânskippen. Al hat er in realistyske oanpak, yn it wurk moat it skilderproses wol te sjen bliuwe. Wurke er yn it earstoan benammen mei akwarel, dit ferskode yn de rin fan de tiid nei oaljeferve.
Eksposysjes fan syn wurk wienen ûnder oare te sjen by Museum Möhlmann, galery Skepsta hytta yn Sweden, galery Feankleaster, galery Mokum en Breede 13 yn Warffum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |