Exeter
Exeter | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ingelân | |
Regio | Súdwest-Ingelân | |
Greefskip | Devon | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 124.180 (2016) | |
Oerflak | 27,3 km² | |
Offisjele webside | ||
Side Exeter |
Exeter is in stêd yn it súdwesten fan Ingelân yn it greefskip Devon. It is de haadstêd fan it greefskip en Exeter hie yn 2016 in ynwennertal fan 124.180. Yn de Feriene Steaten fan Amearika binne meardere plakken nei it Ingelske Exeter ferneamd. Ek yn Kanada is in plak dat nei Exeter ferneamd. Exeter is in universiteitsstêd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak fan it hjoeddeiske Exeter lei eartiids yn in skier ferline de romeinske stêd Isca Dumnoniorum. It wie de grutste romeinske stêd yn it súdwesten fan Ingelân. Letter wie it plak mei de namme Escancestre ien fan de fersterke stêden fan it Westsaksyske Keninkryk. Yn 876 en 1003 feroveren de Denen de stêd en yn 1068 moast de stêd him nei in opstân en in belis fan 18 dagen oerjaan oan Willem de Oermasterer.
De stêd waard yn 1050 in biskopsstêd en dêrmei in religieus sintrum.
Tsjin it ein fan de 19e iuw waard Exeter in wichtich sintrum fan de wolhannel. Troch de Earste Wrâldkriich rekke de hannel yn it neigean.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd fan 1940 oant 1942 troffen troch Dútske bombardeminten. In grut part fan it sintrum moast nei de oarloch wer opboud wurde. Tsjintwurdich is de stêd yn sake- en toeristysk sintrum yn Devon en Cornwall.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Petruskatedraal
- Priory of St. Nicholas (Priorij fan Sint-Nikolas)
- Guild Hall (it âldste publike bouwurk fan Ingelân)
- Ruïne fan it Slot Rougemont.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Royal Albert Memorial Museum and Art Gallery
- Rougemont House Museum
- Maritime Museum
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sint-Petruskatedraal
-
Midsiuwske brêge
-
Guild Hall
-
Sint-Nikolaaspriorij
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Exeter fan Wikimedia Commons. |