Torquay
Torquai | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Greefskip | Devon | |
Regio | Súd West Ingelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 63.998 (2001) | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+0) | |
Simmertiid | (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
Torbay Council |
Torquay is in baaiplak yn it súd-Ingelske greefskip Devon. It leit oan de baai Torbay oan It Kanaal.
De pittoreske stêd hat in myld klimaat. Sadwaande lûkt it plak in protte toeristen. Torquay sels hat op it heden sa'n 55.000 ynwenners. De stêd hat him de baai bylâns útwreide en foarmet no mei de oanswettende gemeenten Paignton en Brixham de bestjoerlike ienheid (Unitary authority) Torbay, mei in ynwennertal fan likernôch 125.000.
It besjen wurdich
It museum fan de lokale natuerhistoaryske feriening hat in grutte kolleksje foarwerpen út it Paleolitikum, dy't ûnder mear út Kent's Cavern komme, in grot tichteby. Ek nijsgjirrich is de ruïne fan Torre Abbey, in abdij fan de premonstratinzers út 1196, it earste grutte gebou fan it plak.
Demografy
De folkstelling fan 2001 census lit fannijs sjen dat Torquay in soad âlderein hat, 26% fan de 63.998 ynwenners is boppe de 60 jier, yn hiel Ingelân is dat 21%. Lju ûnder de 20 jier foarmje 23% fan de befolking, yn hiel Ingelân is dat 25%.
De folgjende statistyk jildt foar hiel Torbay, dat mei Paignton en Brixham.
Boargerlike status | Tal persoanen |
---|---|
Frijgesel (nea troud west) | 26.880 |
Troud of fannijs troud | 53.327 |
Ut elkoar of skieden | 14.273 |
Widdo/widner | 11.905 |
Religy | Tal persoanen |
---|---|
Kristlik | 98.820 |
Boedist | 196 |
Hindû | 66 |
Joadsk | 159 |
Moslim | 341 |
Sikh | 50 |
Oars | 476 |
Gjin religy | 19.345 |
Religy net neamd | 10.253 |
Berne yn Torquay
- Agatha Christie (1890-1976), detectiveskriuwster
- Martin Turner (1947), bassist (Wishbone Ash)
- Lily Cole (1988), aktrise en model
Dochterstêden
- Hamelin (sûnt 1973)
- Hellevoetsluis (sûnt 1989)
Ferskaat
- Torquay wie it plak dêr't steedhâlder Willem III yn 1688 lâne.
- Torquay foarmet de eftergrûn fan de komyske telefyzjerige Fawlty Towers.
-
Yn Kent's Cavern
-
Haven fan Torquay
-
Paviljoen Torquay mei St. John's op de eftergrûn
Keppelings om utens
- (in) Skiednis fan Torquay
- (in) Torquay Museum