Springe nei ynhâld

Dodo (sillige)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 sep 2018 om 16.33 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Sillige Dodo of Dodo fan Haska (? - De Haske, 30 maart 1231 ) wie in norbertiner muonts fan Mariëngaarde. Hy fêstige him yn in klûs by Bakkefean en krige troch syn frommens en genêzingen in soad oanrin en trede nei alle gedachten ek op tsjin de bloedwraak.

Yn 1225 luts Dodo (ek: Doda) him werom yn De Haske. Hy kaam om trochdat syn kapel ynstoarte. In skoft letter ûntstie op dat stee it Hasker Konvint. It dêr boude tsjerkje stiet fan de A32 ôf midden yn de lannen en it is út de trein wei goed te sjen. Yn 2012 wurdt it tsjerkje hierd troch in keunstner en by gelegenheden wurdt der noch wolris in tsjinst hâlden.

Yn 2012 waard bekend dat de ynwenners kuierpaden oanlizze sille sadat ut de loft wei, en mei Google Earth, de namme "Dodo" te lêzen is. It paad sil út Haskerdiken wei fia in boskje nei tsjerkje "De Kapelle" rinne. It paad moat ynpast wurde yn it Jabikspaad nei Santiago de Compostela.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Doda (Dodo).
  • Ljouwerter Krante, 14 jannewaris 2012, side 15