Springe nei ynhâld

Guo Jinlong

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 jul 2018 om 16.42 troch Drewes (oerlis | bydragen) (by de tiid brocht)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Guo Jinlong (Nanking (Jiangsu), july 1947) is in Sineesk politikus en boargemaster.

Hy studearre natuerkunde oan de Universiteit fan Nanking en studearre dêr ôf yn 1969. Yn 1979 waard er lid fan de Kommunistyske Partij fan Sina en waard nei Sichuan stjoerd foar wurk.

Guo ferfear yn 1993 nei Lhasa dêr't er de fise-sekretaris waard fan it komitee fan de kommunistyske partij fan de Tibetaanske Autonome Regio. Hy waard promovearre ta sekretaris septimber 2000 en bleau dat oant desimber 2004. Hy de grutte man efter de oanlis fan it spoar Peking-Lhasa.

2004 waard er komiteesektaris yn Anhui en fan 2005 ôf waard er ek foarsitter fan it permaninte komitee fan it folkskongres fan Anhui.

Fan 30 novimber 2007 oant 27 maaie 2017 wie er boargemaster fan Peking. Hy wie útfierend foarsitter fan it organisaasjekomitee fan de Olympyske Simmerspullen 2008 yn Peking.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]