Kistoargel
In kistoargel of posityf is in lyts piipoargel dat de foarm fan in kist hat. In kistoargel kin frij maklik ferfierd wurde (hoewol't er grutter as in portatyf is) en bygelyks yn in orkestopstelling pleatst wurde. Sa hat de oargelist ek optimaal kontakt mei de dirigint en oare musisy, oars as at de oargelist fier fuort op in balkon oan de oare kant fan de tsjerke sit. It kistoargel is ek in gaadlik ynstrumint yn sealtsjes fan bygelyks in sikehûs of ferpeechhûs dêr't tsjerketsjinsten hâlden wurde.
Yn de 20e en 21e iuw wurdt it kistoargel by de measte konsertante útfieringen as begeliedend basisynstrumint brûkt yn it barokke kontinuospul, en benammentlik by tsjerklike myzyk, lykas yn de passys, missen en kantates fan Johann Sebastian Bach. Histoarysk waard de kontinuo lykwols op it grut oargel spile.