Springe nei ynhâld

Aanderen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 feb 2018 om 13.46 troch F.P.Staversma (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lizzing Aanderen yn Aa en Hunze

Aanderen, ek Anderen Aandern is in esdoarp yn de gemeente Aa en Hunze (oant 1998 Anloo) besúdwesten Eext en benoardeasten Rolde. Fan Rolde is it doarp skieden troch it Aanderske Djip, eartiids de gemeentegrins tusken Anloo en Rolde. Mei de doarpen Gasteren en Anloo foarmje hja de saneamde sândoarpen.

It plak wurdt foar it earst neamd yn it register fan it kleaster Dikninge yn 1217, dêrnei yn 1254, hieltiten as: in Anderne, yn 1381-1383: oant Andren in den kerspel van Anlo en yn 1383 yn de buer-scap tot Anderen. Nei alle gedachten is de namme ûntstien út Annerne, wêrby 't -ne in relikt is fan -herne, hoeke. De namme Annerhorne betsjut dus: hoeke of streek, dy't oan de persoan Anne taheart of út Annen wei bewenne is. In oare mooglike nammeferklearring is dat it ûntstien is út 'aan de ren' (ren = weterrin, hjir it Anderske Djip).

Yn Anderen binne, lykas yn Drouwen, stiennen fûstbilen fûn út 60.000 f.Kr. Dat binne de âldste bewizen fan bewenning yn Drinte.

It plakje is ûntstien by in trijesprong fan wegen nei Gasteren, Anloo, Eext, Gieten en Rolde. Oant de Frânske tiid hie de buorskip it foech om willekeuren fêst te stellen foar de mienskip en it grûngebrûk fan de marke; it âldste saneamde boereboek yn it dorp datearret fan 1794. Yn 1630 telde Anderen alve pleatsen, yn 1850 25 en yn 1950 43; it oantal naam ta troch de fierdergeande ûntginningen. Fanwege skaalfergrutting en ruilferkaveling (1972-1986) wienen der yn 1994 noch fyftjin oer, fierders trije by de tol yn de wei Rolde-Gieten. Op de alve pleatsen huzen yn 1630 83 persoanen; no telt it doarp ± 250 sielen. Yn de rin fan de tiid krige it in skoalle ('Schepershof', earste fermelding yn 1767), in molkfabryk en middenstanners (bakker, smid, winkelman en kafeehâlder). Bynten fan de pleats oan it Hagenend 3 stamme út 1376, wylst út biskoplike lienprotokollen blykt dat dy pleats al tusken 1379 en 1382 beliend waard oan Albert Avinghe.

Skimpnammen foar de ynwenners: Mooshappers, Moosstengels en Moesappels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: