Samuel Rutherford
Appearance
Samuel Rutherford (Nisbet, 1600? - 19 maart 1661) wie in Skotsk teolooch.
Rutherford is berne yn Nisbet yn Súd-Skotlân. Hy kaam út in ealik slachte. Hy gie nei it gymnasium en waard letter ynskreaun oan de universiteit fan Edinburch. Hy wie doe 17 jier en men hie hege ferwachtings fan him. Hy studeare dêr earst filosofy en klassike talen. Dêrnei stúdearre er op 'e nij, mar no teology. Yn 1627 waard er dûmny in Anworth yn Galloway. Dêr waard er fuortstjûrd nei Aberdeen om't er him ôfskiede fan de steatstsjerke. Syn patroan yn Galloway wie John Gordon, 1e boarchgreve fan Kenmure.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Letters of Samuel Rutherford (Brieven fan Samuel Rutherford) (1664, Rotterdam)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Samuel Rutherford fan Wikimedia Commons. |
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |