Census-designated place
Appearance
In census-designated place (CDP) is in mêd dat ornearre is foar statistike doelen yn de Feriene Steaten. It United States Census Bureau wurket dêrmei. It binne befolkingskonsintraasjes, dy't gemeentefrij binne, dus sûnder in eigen bestjoer. Dizze gebieten wurde brûkt njonken incorporated plakken, lykas city's, towns en villages (doarpen). De grinzen fan CDP-gebieten hawwe gjin wetlike status.
Dit begrip wurdt sûnt de folkstelling fan 1980 brûkt.