Springe nei ynhâld

Direkteur

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 mrt 2016 om 09.24 troch Pierlala (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Direkteur of direktrise is de algemiene beneaming foar ien dy't de lieding hat oer in organisaasje, bedriuw, tsjinst of ôfdieling. Sa'n ien kin begelyks lieding jaan oan in hannels- of yndustriële ûndernimming, sikehûs, skoalle, museum ensfh. (bygelyks finansjeel direkteur, personielsdirekteur, skoaldirekteur ensfh.).

Yn de hannels- en bedriuwswrâld wurdt faak Ingelsk jargon brûkt; sa wurdt in term as Chief Executive Officer (CEO) brûkt as in direkteur fan in bedriuw bedoeld wurdt.

De persoanen dy't yn in organisaasje de direkteursfunksjes ferfolle wurde mei elkoar de direksje neamd. Yn de amtlike wrâld wurdt sprutsen fan direksje as synonym foar de betreffende ôfdieling. Sa is bygelyks sprake fan de direksje logistyk, de direksje personiel, de direksje kultuer, of by de ferskate belestingstsjinsten: earste-, twadde-, tredde- ensfh. direksje.

In geastlik direkteur is de persoan dy't ferantwurdklik is foar de geastlike foarming binnen in ynstelling.

In prinsipaal is in sjef of in superieur.

Yn de tweintichste iuw waard de direkteur fan in skoalle, ynstelling, organisaasje,... faak as prisipaal oantsjutten. Benammen yn Belgyske katolike fermiddens waard de term brûkt, seker as dy prinsipaal ek preester wie.

Mei in prinsipaal wurdt yn de bouwrâld in bouhear of opdrachtjouwer bedoeld. Begjin 21e iuw wurdt prinsipaal yn de bouwrâld minder frekwint brûkt. "Bouhear" is noch wol gongber yn Flaanderen, mar yn Nederlân mear ferfongen troch "opdrachtjouwer".