Springe nei ynhâld

Taan

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 mrt 2016 om 14.35 troch Pierlala (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Taan is in ûntsmettend brúngiel of brúnread ôftreksel ikebast, ek wol eek of iik neamd. It foldie bêst foar de konservearring fan fiskersnetten en katoenen seilen.

It tanen barde yn grutte taantsjettels, dêr't seilen en netten yn ûnderdompele waarden. Driuwnetten waarden dêrnei mei lynoalje behannele. Der waarden ek mingsels brûkt mei brune tar, guttapercha, en soms ek baarnde sûkerei. Grutte seilen waarden ek wol op de grûn taand mei in boarstel. De taankleur werd taneet neamd. Letter yn de 19e iuw kaam in oar middel op de merk: cachou.