Springe nei ynhâld

Genêsmiddel

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 mai 2015 om 15.55 troch Dexbot (oerlis | bydragen) (Removing Link GA template (handled by wikidata))
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ferskate medisinen

In genêsmiddel (of medisyn) is in gemyske stof dy't in bepaalde, winske wurking hat op it (dierlik of minsklik) lichem. Genêsmiddels wurde foaral brûkt om sykten te bestriden. De wittenskip fan de genêsmiddels hjit farmakology of genêsmiddelslear. Nochal wat genêsmiddels hawwe in plantaardige of biologyske oarsprong, mar it meastepart wurdt tsjintwurdich syntetysk makke.

Genêsmiddels kinne op grut oantal wizen yndield wurde, ûnder oaren nei effekt, wurkwize, oarsprong, wize fan tatsjinning.