Hugh Town
Hugh Town Tre Huw | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ingelân | |
Greefskip | Cornwall | |
Distrikt | Scilly-eilannen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.068 (2010) | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC | |
Simmertiid | UTC-1 |
Hugh Town (Kornysk: Tre Huw) is it haadplak fan St. Mary's, it grutste fan de Scilly-eilannen, in arsjipel sa'n 45 km foar de kust fan it Ingelske greefskip Cornwall. It plak hat 1.068 ynwoners. Yn 1949 waard it stedsje ferkocht oan de ynwenners. Sadwaande falt it plak net ûnder de Britske Kroan.
Hugh Town's haadstrjitte is it wichtichste winkelsintrum fan de eilannen. De saken dêre moatte it fral fan it toerisme hawwe. Fierders hat de stêd banken, hotels, pubs en in lyts sikehûs. Teffens binne der in tal strannen. It Star Castle is in opfallend gebou, it is no in hotel.
De wichtichste kade fan St. Mary's is yn Hugh Town. De fearboat Scillonian III nei Penzance [1] en it frachtskip Gry Maritha brûke dy kade.
Tichteby Hugh Town leit St. Mary's Airport, it ienige fleanfjild fan de Scilly-eilannen. Dêrwei wurdt in helikopterferbining mei Penzance ûnderhâlden en mei in 16-sits licht fleantúch wurdt op St Just yn Cornwall flein.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |