Biomeganika
Appearance
Biomeganika is de stúdzje fan de beweging en oare fysike aspekten fan libbene wêzens en harren ûnderdielen. Sa bestudearret en analisearret de biomeganika de effekten fan krêften op bygelyks skonken of earms, de aerodynamika fan fûgels, likegoed as de hydrodynamika fan swimmende fisken en beweging yn it algemien fan alle libbene wêzens fan hiele organismen oant yndividuele sellen.
Biomeganika wurdt tapast yn ûnder oaren de biology, de genêskunde en (top)sport.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oerkoepeljende orgaan foar dizze stúdzjerjochting is de International Society of Biomechanics.