Springe nei ynhâld

Fikaris

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 apr 2013 om 01.09 troch SamoaBot (oerlis | bydragen) (Bot: Migrating 31 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q193364)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De fikaris is yn de Katolike Tsjerke de plakferfanger fan in biskop of pastoar. Binnen it protestantisme is it de plakferfanger fan in dûmny.

By guon oarders is de fikaris de ûnderoerste fan in kleaster.

In fikaris-generaal (ek wol Grut-fikaris neamd) is de plakferfanger fan in biskop, mar hy stiet de biskop ek by yn it bestjoer fan it bisdom. Hy hat in soad rjochtsmacht binnen in bisdom, benammen op tsjerklik mêd. Foar guon saken hat er lykwols in folmacht nedich fan de biskop, lykas by tawizing fan in tsjerke oan in pryster. De fikaris-generaal kin altyd ûntslein wurde troch de biskop, mar dêr moat dan wol in dúdlike en goede reden foar wêze. Soksoarte beneamingen wurde beneamingen ad nutum (mei de holleknik) neamd, troch it daliks yngean fan beneaming en ûntslach.

Fikaris is ek de beneaming fan de geastlike dy't ferbûn wie oan in fikary.