Springe nei ynhâld

Mitsubishi Ki-46

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 aug 2023 om 19.37 troch Drewes (oerlis | bydragen) (bettere foto)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Mitsubishi Ki-46
Mitsubishi Ki-46
Fabrikant Mitsubishi
Earste flecht septimber 1939
Yn tsjinst july 1941
Produksjejierren 1941 oant 1944
Tal makke 1742

De Mitsubishi Ki-46 "Dinah" wie in flugge twamotorige ferkenningsfleanmasine fan it Keizerlik Japanske leger yn de Twadde Wrâldkriich.

De earste flecht fan it prototype wie 14 novimber 1939. De earste produksjemodellen waarden yn 1941 operasjoneel. De waard yn it foarste plak as lange-ôfstâns ferkenner ynset. Mei in topfaasje fan boppe de 600 km/o wie it ek foar te fluchste Alliearde jagers tige dreech om him te ûnderskeppen.

It ûntwerp fan de Ki-46 wie konvinsjoneel: in leechdekker mei in grutte cockpit fan glês foar twa man en twa stjermotors yn de fleugels. It tastel hie goede aerodynamyske kwaliteiten. Tsjin de ein fan de oarloch wiene der 1742 eksimplaren fan makke.

Mitsubishi Ki-46-III, ferovere troch de KNYL op 3 oktober 1945. Menado, Selebes.

Ki-46-III

  • Lingte: 11,00 m
  • Spanwiidte: 14,70 m
  • Hichte: 3,88 m
  • Oandriuwing: twa dûbelstjermotors Mitsubishi Ha-112-II fan sa'n 1100 kW (1500 hk)
  • Topfaasje: 630 km/o op 6000 m
  • Fleanberik: 4000 km
  • Tsjinstplafond: 10.500 m
  • Bemanning: 2
  • Gewicht leech: 3831 kg
  • Gewicht fol: 5722 kg
  • Bewapening: gjin

Ki-46-III-KAI

  • Lingte: 11,48 m
  • Spanwiidte: 14,70 m
  • Hichte: 3,80 m
  • Fleugeloerflak: 32,40 m²
  • Oandriuwing: twa luchtkuolle 14-sylinder-stjermotors Mitsubishi Ha-112-II, mei 1525 hk startfermogen
  • Topfaasje: 610 km/o op 7000 m, 630 km/o op 6000 m
  • Klimtiid nei 8000 m: 19 min
  • Fleanberik: 2000 km
  • Tsjinstplafond: 10.500 m
  • Bemanning: 2
  • Gewicht leech: 3820 kg
  • Maks. startgewicht: 6230 kg
  • Bewapening: ien 37 mm-kanon (Ho-203), twa 20 mm-kanonnen (Ho-5)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]