Springe nei ynhâld

Teäter (gebou)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 aug 2023 om 18.42 troch Drewes (oerlis | bydragen) (tekst by plaatsje better)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It Sydney Opera House, teäter yn Sidney, Austraalje

It teäter of skouboarch is in bouwurk mei in romte dêr't besikers plak nimme kinne yn ien fan de rigen mei sitplakken, om nei in teäterspul, kabaret as muzikaal barren sjen te kinnen. It teäter is sa boud dat alle besikers, mooglik mei technyske stipe, de opfiering hearre en sjen kinne.

Der binne ferskate teätertypen. Teäters kinne foar spesifike spultypen of krekt foar ferskillende soarten opfierings makke wêze. Der binne teäters foar iepenloftspullen dy't al as net tydlik binne. Der binne ek fêste teäters mei oerkaping, wêrfan de ynrjochting tige ferskille kin. Sa'n teäter kin bestean út in poadium en wat stuollen foar de besikers, mar kin likegoed bestean út in wat gruttere lúks ynrjochte teäterromte mei mooglik ferskillende besikersringen/balkons.

De skiednis fan it teäter giet werom nei it Alde Grikelân. It earste fêste en noch hieltyd besteande teäterbouwurk mei oerkaping wie it Teatro Olimpico yn Vicenza, dat yn it tiidrek 1580-1585 boud wurden is.

Mei it wurd teäter kin it bouwurk ornearre wêze, dêr't in teäterspul hâlden wurdt. It wurd teäter kin ek ornearre wêze foar it teäterspul sels. It wurd kin somtiden - dan meast yn negative sin - brûkt wurde, bygelyks as minsken it hawwe oer it teäter fan de polityk.