Springe nei ynhâld

Amer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 jul 2023 om 17.52 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In sinken amer
In amer fan plestik
Akers

In amer is in wetterticht fet dat oan in hingsel droegen en meastal brûkt wurdt foar it ferfier fan floeistoffen. Emers kinne fan hout, lear of metaal makke wurde, keunststof is hjoed-de-dei de brûkte grûnstof. De ynhâld fan in húshâldemmer is sa 'n 10 liter. De ynhâld fan in bou-amer is sirka 12 liter. Amers dy't yn de feehâlderij brûkt wurde hawwe in ynhâld fan 12 of 20 liter.

Njonken hout waard yn it ferline ek lear brûkt as materiaal om amers fan te meitsjen. Sokke amers wiene licht en maklik te ferfieren. Se waarden faak by it blussen fan brannen ynset. Tusken it plak fan de brân en de wetterfoarried dy't it tichtst by wie, waard in keatling fan minsken makke, dy't de amers mei wetter oanelkoar trochjoegen. Op dy wize koe mei in bytsje ynspanning in soad wetter transportearre wurde.

Letter wie sink in wichtich materiaal foar it meitsjen fan amers. In sinken amer hat boppedat in rûne foet. De ynhâld dêrfan is typysk 30 liter. Der binne lykwols ek lytsere maten te leverjen, dy 't 20 of 12 liter befetsje kinne. Dat sink waard yn de 2e helte fan de 20e iuw ferfongen troch keunststof, bygelyks polypropyleen of polyethyleen.

In amer om wetter te putskjen hjit aker.