Springe nei ynhâld

Wâldfeartsbrêge

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 feb 2023 om 09.46 troch Drewes (oerlis | bydragen) (spaasje)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Wâldfeartsbrêge

De Wâldfeartsbrêge, yn de folksmûle: De bult syn bruege[1] is in ophelbrêge yn Snits, dy't datearret út 1893 en dy't makke is fan getten izer (heechboukonstruksje) en hout (brêge). It is in J.P. Hogendijk-brêge.

De brêge foarmet op it wetter de ferbining tusken de Stedsgrêft (Snits) en de Wâldfeart. Op strjitte ferbynt de brêge de Prinsengrêft en de Wâldfeartkaai. Allinnich yn it drokke farseizoen is in staazje-brêgewachter oanwêzich. Yn de oare perioade wurdt de brêge troch de brêgewachter op de Lemmerbrêge meibetsjinne.

Fartugen rjochting Stedsgrêft betelje in brêgejild fan € 2,- (2011).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Skipfeartmuseum: Boerd iepeningstiden Wâldfeartsbrêge.