Springe nei ynhâld

Ans Schut

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 feb 2023 om 16.13 troch Drewes (oerlis | bydragen) (It Frysk hat gjin tusken-n)
Ans Schut
sporter
Ans Schut (1967)
Ans Schut (1967)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johanna Boekema-Schut
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 26 novimber 1944
berteplak Apeldoarn
lingte 1.70 m
gewicht 67 kg
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Grenoble 1968
debút 1964
karriêre-ein 1971
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1968,
1x sulver Wrâldkampioenskip 1968
1x brûns Wrâldkampioenskip 1969

Johanna (Ans) Boekema-Schut (Apeldoarn, 26 novimber 1944) is in earder Nederlânsk reedrydster.

Sy die fjouwer kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, ien kear oan it Wrâldkampioenskip sprint, twa kear oan it Europeesk kampioenskip en hat yn 1968 meidien oan de Olympyske Winterspullen, dêr't se Olympysk kampioene waard op de 3 kilometer. Schut behelle ien kear in sulveren en in brûnzen medalje op it wrâldkampioenskip allround yn 1970 behelle sy ek in brûnzen medalje op it earste Europeeske kampioenskip allround foar froulju. Yn 1971 hold Schut op mei reedriden op heech nivo. Itselde jier is Schut boaske mei kranteútjouwer Jacques Boekema, it pear hat trije bêrn.

Persoanlike rekôrs

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 44,9 24 jannewaris 1971 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
1000 meter 1.30,1 16 jannewaris 1971 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
1500 meter 2.16,6 15 jannewaris 1971 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
3 km 4.50,3 23 febrewaris 1969 flagge fan Dútslân Ludwig Schwabl Stadion, Inzell

Resultaten

jier NK
Allround
EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1964 6e
1965 Brûns
1966 5e
1967 Brûns 5e
1968 Brûns Sulver 1500 m, 12e
3 km, Goud
1969 Sulver Brûns
1970 14e Brûns 6e
1971 4e 16e 6e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: