Hendrik de Vries
Hendrik de Vries | ||
skriuwer | ||
Hendrik de Vries, 1976 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendrik de Vries | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 augustus 1896 | |
berteplak | Grins | |
stoarn | 18 novimber 1989 | |
stjerplak | Haren | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk, Spaansk | |
sjenre | gedichten | |
streaming | Surrealisme | |
prizen | P.C. Hooft-priis (1973) | |
jierren aktyf | 1917-1989 |
Hendrik de Vries (Grins, 17 augustus 1896 – Haren, 18 novimber 1989) wie in Nederlânsk dichter en skilder.
De gedichten fan Hendrik de Vries waarden yn het literêre tydskrift Het Getij publisearre. De Vries wie in iere surrealist. Hy wie anty-boargerlik ynsteld en preke fitaliteit. It ûnderbewuste spile in krúsjale rol yn syn poëzy.
De Vries fûn in soad ynspiraasje yn de Spaanske wrâld en kultuer en fielde him dêr sa mei ferbûn, dat er in protte gedichten (benammentlik koplas) yn it Spaansk skreaun hat.
By gelegenheid fan syn fyftichste jierdei waard troch de gemeente Grins de Hendrik de Vriespriis ynsteld, en yn 1986 it Hendrik de Vriesstipendium. De Vries wie de earste dy't de priis krige.
De Vries syn gedicht Een schatrijke tuin waard 2000 (en yn in nije ferzje yn 2006) op in muorre yn de Aloëlaan yn Leien oanbrocht, ien fan de mear as hûndert muorregedichten yn Leien.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1946 - Hendrik de Vriespriis
- 1948 - Lucy B. en C.W. van der Hoogtpriis foar Toovertuin
- 1951 - Bysûndere priis fan de Jan Campert-stichting foar syn essayistysk wurk oer poëzy
- 1956 - Ekstra priis fan de Jan Campert-stichting
- 1959 - Kulturele priis fan de provinsje Grinslân foar syn hiele oeuvre
- 1962 - Constantijn Huygens-priis foar syn hiele oeuvre
- 1973 - P.C. Hooft-priis foar syn hiele oeuvre
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1917 - Het gat in Mars en het Milagrat
- 1920 - De nacht
- 1922 - Vlamrood
- 1923 - Lofzangen
- 1928 - Silenen
- 1931 - Spaansche volksliederen
- 1932 - Stormfakkels
- 1935 - Coplas
- 1937 - Atlantische balladen
- 1937 - Geïmproviseerd bouquet
- 1937 - Nergal
- 1939 - Romantische rhapsodie
- 1944 - Robijnen (klandestyn drukt)
- 1946 - Capricho's en rijmkritieken
- 1948 - Toovertuin
- 1951 - Distels en aloë's van de Iberische volkspoëzie
- 1955 - Gitaarfantasieën
- 1958 - Groninger symphonie
- 1964 - Iberia, krans van reisherinneringen
- 1966 - Diseño jondo
- 1971 - Cantos extraviados del español groninguense
- 1971 - Goyescos
- 1979 - Impulsen
- 1990 - Sprookjes
- 1993 - Verzamelde gedichten
- 2013 - Henri van Booven en Hendrik de Vries, Briefwisseling. Fersoarge en ynlaat fan Sander Bink. [Baarn, 2013].
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hendrik de Vries fan Wikimedia Commons. |