Springe nei ynhâld

Cotton gin

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 nov 2022 om 16.06 troch Drewes (oerlis | bydragen) ([[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In cotton gin yn it Eli Whitney museum yn Hamden (Connecticut).

Cotton gin is de Ingelske namme foar in ûntkerrelmasine of egrenearmasine, dy't katoenfezels fan it katoensied skiede kin. Dizze oantsjutting wurdt ek yn it Frysk en Nederlânsk yn 'e regel brûkt. De fezels wurde ferwurke ta klean of katoenguod en it sied kin wer brûkt wurde om katoen oan te plantsjen of foar it produsearjen fan katoensiedoalje.

De earste moderne meganyske ûntkerrelmasine waard makke troch de Amerikaanske útfiner Eli Whitney yn 1793. Yn 1794 frege Whitney patint op syn masine oan. De útfining fan de ûntkerrelmasine brocht in tige grutte ferbettering yn 'e fabrikaazje fan katoen. It rispjen waard tenei net mear mei de hân dien. Troch de ûntkerrelmasine wienen der gjin slaven mear nedich en yn 'e katoensektor waarden troch de útfining fan Whitney in hiel soad slaven frijlitten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Cotton gin – foto, fideo en harktriemmen