Averroes
Averroes, Arabysk: ابن رشد; of Ibn Rushd (ĭb'ən rʊsht') (Córdoba (Spanje), 1126 - Marrakesj (Marokko), 10 desimber 1198) wie in Andalusyske filosoof, jurist en arts.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Averroes kaam út in famylje fan Maliky rjochtsgelearden; syn pake Abdul-Walid Muhammad (ferstoarn 1126) wie de wichtichste rjochter fan Córdoba ûnder de Almoraviden. Syn heit, Abdul-Qasim Ahmad, naam dyselde posysje yn oant de komst fan de Almohaden-dynasty yn 1146.
Ibn Tufail ("Abubaser" yn it Westen) introduseare Averroes oan it hôf en oan Avenzoar (Ibn Zuhr), de grutte moslimarts. Hja waarden freonen. Yn 1160 waard Averroes ta kwady fan Sevilla beneamd. Dêrnei tsjinne hy oan in protte hôven, te Sevilla, Córdoba en yn Marokko.
Hy skeau kommentaren op de Grykske filosoof Aristoteles en in medyske ensyklopedy. Jacob Anatoly sette syn wurken oer fanút it Arabysk yn it Hebriuwsk.
Syn wichtichste filosofyske wurk wie Tahafut at-Tahafut ("Betizing fan de betizing"), dêr't hy kommentaar yn jout op de wurken fan Hamid Al-Gazaly dy't "Tahafut al falasifa" ("Betizing fan de filosofy") skreaun hie, dêr't Al-Gazaly him kritysk útlit op de filosofy.
Nei de weach fan fanatisme troch de Almohaden yn Andalûsje oan de ein fan de tolfde iuw foel er yn ûngenede, syn wurken waarden offisjeel ferbean, sels ferbaarne en Averroes waard ferbannen nei in isolearre plak tichteby Córdoba. In soad fan syn wurken yn de logika en metafysika binne troch de sensuer foar altiten ferlern gongen.
Filosofy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Averroes besocht it systeem fan Aristoteles mei de islamityske lear yn oerienstimming te bringen. Neffens Averroes slute godstsjinst en filosofy inoar net út. Hy wie fan betinken dat de wierheid op twa ferskillende wizen berikt wurde kin, troch middel fan de filosofy of godstsjinst. Hy leaude ûnder mear yn de ivichheid fan it hielal.
De filosofyske en religieuze streaming dy't Averroes' tinzen koesterje, wurdt Averroïsme neamd.
Betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Averroes is it alderferneamst wurden troch syn kommentaren op de wurken fan Aristoteles, dy't op dat stuit yn it Westen amper of alhiel net mear foarhannen wienen. Troch it wurk fan Averroes yn de 12e iuw kearde Aristoteles werom yn it Westen.
Al it wurk fan Averroes dat oer Aristoteles giet, oerspant goed trije desennia. Hy skreau kommentaren op sawat alles dat Aristoteles makke hie, útsein syn Politika. De Hebriuwske oersettings fan syn wurk hawwe ek in duorsume ynfloed hân op de joadske filosofy. De ideeën fan Averroes waarden troch Siger van Brabant en oaren assimileare (fral oan de universiteit fan Parys) binnen de kristlike skolastyke tradysje dy't foar in part op de logika fan Aristoteles grûnfêste wie. Fan de ideeën fan Averroes hawwe guons ynfloed hân op Tomas fan Akwino (en sette him ferfolgens der oan ta him wer tsjin Averroes ôf te setten wat ûnder oaren út syn traktaat blike: "De unitate intellectus contra Averroistas "). Benammen yn syn Summa contra gentiles docht bliken dat Tomas bekend wie mei de wurken fan Averroes.
Averroes hat ek kommentaren skreaun op de wurken fan Plato. De orizjinele Arabyske tekst fan syn kommentaar op Plato's De Steat is ferlern rekke, mar der binne wol in tal manuskripten bewarre bleaun fan in oersetting yn it Hebriuwsk troch Samuel ben Yehuda fan Marseille, lykas de yn de 16e iuw printen Latynske oersetting troch Jacob Mantinus fan Tortosa.[1][2]
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Joseph Ernest RENAN, Averroès et l'averroïsme: essai historique (1852, fannijs útj. 1861)
- Max Joseph Heinrich HORTEN, Die Hauptlehren des Averroes: nach seiner Schrift: Die Widerlegung des Gazali, útj. A. Marcus und E. Webers Verlag, Bonn (1913)
- Léon GAUTHIER, Ibn Rochd (Averroès), útj. Presses universitaires de France, Parys (1948)
- (in) Oliver LEAMAN, Averroës and his philosophy, útj. Clarendon Press, Oxford (1989) ISBN 0-19-826540-9
- (in) Mourad WAHBA & Mona ABOUSENNA, Averroës and the Enlightenment, útj. Prometheus Books Amherst, NY (1996) ISBN 1-57392-084-3
- (in) Gerhard ENDREß & Jan A. AERTSEN (red.), Averroes and the Aristotelian tradition: sources, constitution and reception of the philosophy of Ibn Rushd (1126-1198): proceedings of the fourth Symposium Averroicum (Cologne, 1996), útj. Brill, Leien (1999) ISBN 90-04-11308-8
Noaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ↑ E.I.J. Rosenthal Averroes' commentary on Plato's republic, Cambridge University Press, Cambridge (1956)
- ↑ Ralph Lerner Averroes on Plato's 'Republic' , útj. Cornell University Press, Ithaca NY (1974) ISBN 0-8014-0821-0 en ISBN 0-8014-9145-2